Mantgum wint 3e priis by NK Famkes

Sneon 14 juny waard yn Drylst it NK Famkes ferkeatst It selde partoer dat ferline jier it NK Skoalfamkes foar Jacob Klaver yn Mantgum wûn mocht it no yn Drylts besykje. In stik dreger fansels want Bregt en Jennie binne 1e jiers famkes en Amarins lêste jiers skoalfamke. Hja wiene dan ek mei fan de jongste partoeren dy’t op de list stiene. It wie ek de earste kear dit jier dat hja meiinoar keatsen. De 3e priis helje wie dan ek in fantastysk resultaat. Mar wat wiene hja tichtby noch mear………………….

Under lieding fan coach Albert Reitsema waard op 5-3 en 6-0 wûn fan Easterein. De twadde omloop wie Hallum de tsjinstanner ek dêr waard fry maklik fan wûn 5-2 en 6-0. Nettsjinsteande waard d’r noch net al te bêst keatst. Fan te foaren wie lykwols al de ferwachting útsprutsen dat de tredde omloop helber wêze moast. Ek yn de tredde omloop soene d’r kânsen wêze, Reduzum wie de tsjinstanner. Nei in wat stroef begjin begûn it better te rinnen en waard mei 5-1 dochs noch frij maklik wûn. En sa kamen hja by de lêste fjouwer en wiene hja wer fersekere fan Makkumer ierdewurk. Wommels, dy’t oant no ta alle ôfdielings wedstriden wûn hat, waard ek by de lêste fjouwer ferwachte en soe dan de folgjende tsjinstanner wêze moatte. Mar hoe oars rûn it, Wommels ferlear yn de twadde omloop mei 5 om 2 fan Peins. Peins by de lêste fjouwer en Mantgum mocht it tsjin harren omnimme. Ek net maklik want Peins is in sterk partoer. It earste earst gong nei Mantgum, it twadde nei Peins. Ek de folgjende trije earsten gongen nei it sterk keatsende Peins. Mantgum hie yn it tredde earst noch wol in 4-0 foarsprong en yn it fjirde earst sels 6-0 mar slagge d’r net yn dat yn earsten om te setten. Mei 4 om 1 achter like de partijwinst noch frij maklik nei Peins te gean. Mar foaral Amarins tocht d’r oars oer. Under har lieding waard de efterfolging ynset. It waard 4-2 en 4-3 doe’t Amarins om 6 gelyk in geweldich djippe sitbal pleatste en d’r 4-4 fan makke. En wer waard it 6 gelyk, Mantgum moast in lytse keats foarby slaan wat net slagge. Op 5-4 en 6-4 hie Amarins ien fan in pear opslachmissers en gong de winst nei Peins. Nei de wedstriid waard Amarins in ynterview ôfnommen wat werom te finen is op www.knkb.nl . Hja wie tefreden want hja slút it interview ôf mei de wurden ”lk fûn it bêst genôch!” Peins moast it yn de finale opnimme tsjin Berltsum en wûn op 5-2 en 6-4 ek dizze partij In unyke prestaasje foar de famkes fan Peins, omdat dit doarp foar it earst in NK wûn D’r wiene in aardich groepke Mantgumer supporters, moai wie ek dat de Mantgumer jeugd fertsjintwurdige wie Utslach 1e Peins (Leentsje Bootsma, Hiske Zeinstra en Marrit Zeinstra) 2e Berltsum (Esmée Ynema, Anke Zwart en Ilse Tuinenga) 3e Raerd (Brechtsje Jorritsma, Berber Ekema en Marije Jonker) 3e Mantgum (Bregt Arendz, Amarins de Groot en Jennie Terpstra)

Geplaatst op 18 June 2014